Gjin soargen oer rykstsjinsten

Ljouwert bliuwt ien fan de wichtichste festigingsstêden foar rykstsjinsten. Dat seit boargemaster Crone nei oanlieding fan in moasje dy't tiisdei oannaam is troch de Twadde Keamer. Troch dy moasje wurdt in streek helle troch it beslút fan de minister om tolve stêden oan te wizen as de ienige festigingsplakken fan rykstsjinsten. Ljouwert wie ien fan dy tolve plakken. Dat soe soargje kinne foar in soad ekstra banen as mear tsjinsten nei de Fryske haadstêd ta komme.
Neffens boargemaster Crone hat it nije beslút fan de Twadde Keamer gjin gefolgen foar de posysje fan Ljouwert en bliuwt de kâns like grut dat Ljouwert yn de takomst mear tsjinsten yn 'e hûs hellet.