Boargemasters krije ankelbân

Boargemaster Crone fan Ljouwert en Waanders fan Dongeradiel krije nije wike in elektroanyske ankelbân om. Mei dy ankelbân wurde se in wike lang yn de gaten hâlden troch de reklassearring. Sa wolle de beide boargemasters sels ûnderfine hoe't it is as ien dy't feroardiele is foar in misdriuw sa'n ankelbân om krijt.
Lykas yn it echt meie beide boargemasters net mear op bepaalde plakken komme en meie se net bûten de gemeentegrinzen komme. Dogge se dat wol, dan krije se dalik in telefoantsje fan de reklassearring.