Auto rydt yn Damwâld winkel yn

23 nov 2011 - 12:57

Grutte skrik woansdeitemoarn by kleanwinkel Fokkinga yn Damwâld. Krekt nei alve oere kaam der ynienen in auto troch de foarkant riden. Nei alle gedachten is de bestjoerder net goed wurden. Der is net ien ferwûne rekke by it ûngelok. Dat hie neffens in meiwurker ek wol oars kinnnen. Gewoanwei steane der altyd minsken by de fytserekken. De auto is dêr dwers oerhinne riden. De skea oan de winkel is grut.

Trefwurden: 
winkel Damwâld
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)