Dronken Haulerwiker rydt troch

23 nov 2011 - 10:59

In 43-jierrige ynwenner fan Haulerwyk is tiisdeitenacht oanhâlden foar it riden mei drank op en it trochriden nei in ûngelok. Plysjes krigen om sawat 2 oere in melding dat der in oanriding west hie mei in auto en in frachtwein by de Haule. De bestjoerder fan de auto wie dalik fuortriden. Nei ûndersyk waard de auto oantroffen yn de Zonnedauwstrjitte yn Haulerwyk. De bestjoerder waard yn syn hûs oanhâlden.

By in blaastest en in bloedproef die bliken dat de man tefolle dronken hie.

Trefwurden: 
dronken Haulerwyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)