Boelens Glas Ljouwert fallyt

23 nov 2011 - 10:11

Boelens Glas yn Ljouwert is fallyt. De rjochter hat tiisdei it fallisemint útsprutsen. De ûndernimming sit sawol yn Ljouwert as Grins en der wurkje tsien minsken. Earder noch koe it bedriuw in trochstart meitsje nei in fallisemint. Doe wie it benammen de krisis yn de bouwrâld dy't foar de minne finansjele situaasje soarge. De kurator sil woansdei it personiel ynformearje oer de stân fan saken.

Trefwurden: 
Boelens Glas
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)