Vincent Weijl by Cambuur

22 nov 2011 - 23:20

Vincent Weijl spile tiisdeitejûn by Cambuur op proef mei yn de oefenwedstriid tsjin Harkemase Boys. De twadde kar fan Cambuur ferlear mei 3-1. De proefspiler makke de Cambuur goal. Vincent Weijl is in 21-jierrige linker oanfaller, dy't op dit stuit útkomt foar it Spaanske SD Eibar. Foar Harkemase Boys wiene Oebele Schokker, Erolind Derguti en Lesly Fellinga de doelpuntemakkers.

Weijl begûn syn karriêre by AZ. Dêrnei ferhuze hy nei Liverpool, dêr't hy net fierder kaam as it twadde. Yn 2009 spile Vincent Weijl in pear moanne foar Helmond Sport. Sûnt augustus 2010 komt hy út foar SD Eibar, dat spilet yn de Segunda Devision B. De oanfaller is nei de winterstop transferfrij. Weijl traint oant en mei snein mei by Cambuur. Dan giet hy foarearst werom nei Spanje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)