Boarnsterhim yn 4 stikken

22 nov 2011 - 22:34

De gemeenterieden fan Ljouwert, Skarsterlân, Súdwest-Fryslân, Hearrenfean en Boarnsterhim ha tiisdei ynstimd mei de opdieling fan Boarnsterhim. Oeral wie de ried unanym, útsein fan in tsjinstem fan de FNP yn Ljouwert. Mei it beslút is fêstlein dat Boarnsterhim yn 4 stikken ferdield wurdt. Under oare de doarpen Grou en Jirnsum geane nei Ljouwert, Akkrum giet nei Hearrenfean, Terherne nei de Friese Meren en de Legeaen nei Súdwest Fryslân.

Boargemaster Ton Baas sei ta dat foar trije pleatsen dy't no ûnder Jirnsum falle en eins by Raerd hearre wolle in útsûndering makke wurdt. Alle fiif gemeenterieden krigen foar de gearkomste in grutte taart mei dêrop de kaart fan Boarnsterhim. Troch it mes dêryn te setten waard symboalysk de ein oanjûn foar de gemeente dy't op 1 jannewaris 2014 ophâldt te bestean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)