Ofslútdyk as topattraksje

22 nov 2011 - 19:46

De provinsje set syn plannen foar in duorsume Ofslútdyk dochs troch. De Ofslútdyk moat in toeristyske topattraksje en in wetterboukundich fisitekaartsje wurde. En dat alles dan op in duorsume wize. De partners yn dizze plannen binne de gemeenten Harns, Súdwest-Fryslân en Wieringen yn Noard-Hollân.

It priiskaartsje dat oan de plannen hinget is 1,3 miljard euro. Dêrfan betellet in ryk 800 miljoen en dat betsjut dat der noch in gat is fan 500 miljoen euro. Om dat gat te tichtsjen moatte de oerheden en it bedriuwlibben ta de bûse. Provinsjale steaten prate yn desimber oer de plannen.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)