'De faire melk' nij suvelmerk

22 nov 2011 - 17:28

De faire melk. Dat is de namme fan in nij suvelmerk yn ús lân wêrfan't melkfeehâlders sels de eigners binne. It giet om in inisjatyf fan it Nederlânsk Melkfeehâlders Bûn en de Dutch Diarymen Board. Yn supermerken fan C1000 is ynearsten deifarske sûkelademolke fan De faire melk te keap. De molke fan dielnimmende boeren wurdt ferwurke yn it suvelfabryk fan Vecozuivel yn Seewolde.

De molke moat oan hege kwaliteitseasken foldwaan en is sadwaande in pear sint djoerder as gewoane molkprodukten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)