Steuring by Ljouwerter krante

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter krante komt tiisdei op guon plakken yn de provinsje mooglik wat letter as minsken wend binne. Dat komt troch in slimme technyske steuring yn de drukkerij. Troch dy steuring koe net earder as fan ien oere ôf begûn wurde mei it printsjen fan de krante. Dat is oardel oere letter as gewoanwei. Boppe-op de steuring komt ek nochris de mist, wêrtroch't de distributeurs fan de kranten net al tel hurd ride kinne.