Súkses Amelanner keunstmoanne
Op de keunstmoanne op It Amelân binne dit jier in rekôr oantal besikers ôfkaam. Der hawwe yntusken al mear as 4500 minsken it evenemint besocht en safolle hawwe der noch net earder west.
De keunstmoanne op It Amelân duorret de hiele moanne novimber. It evenement wurdt dit jier foar de fyftjinde kear organisearre.