Westerener drugshanneler pakt

22 nov 2011 - 10:30
  • Xtc

De plysje hat in 21-jierrige ynwenner fan De Westereen oppakt foar de hannel yn harddrugs. De man waard moandei oanhâlden op lêst fan de ofsier fan justysje, omdat er al langer fermoedens wiene dat er hannele yn drugs. By syn oanhâlding hie er wat speed, XTC en GHB by him, dat wie bedoeld foar de ferkeap.

De drugs binne yn beslach naam, de man sels is foar fierder ûndersyk fêst set op it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)