Mei drank út kantine yn auto

22 nov 2011 - 10:25

Ien op de acht begjinnende bestjoerders rydt yn Fryslân mei tefolle drank op by de sportkantine wei. Dat docht bliken út in searje blaastesten dy't dit jier dien is as tarieding op in nije BOB-kampanje by sportklups. De provinsje begjint fan 't maitiid yn gearwurking mei de sportklups mei wiidweidige foarljochting oer alkohol yn it ferkear. Opfallend is dat it allinnich mar jonge manlju binne dy't mei drank op ride.

By de mear betûfte bestjoerders stapt ien op de tolve mei drank op efter it stjoer. Yn in plattelânsprovinsje as Fryslân binne mear drankriders, omdat der minder mooglikheden binne om mei de bus nei hûs te gean.

Trefwurden: 
drank BOB
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)