Foarsitter Vitens stapt op

© Omrop Fryslân
Rik van Terwisga lûkt him werom as foarsitter fan de direksje fan wetterbedriuw Vitens. Dat hat it bedriuw tiisdei bekend makke. Neffens Vitens giet it yn goed oerlis en binne beide partijen ta de konklúzje kaam dat Van Terwisga net de goeie persoan is om de nije koers fan it bedriuw yn te fieren. Dy nije koers is de ôfrûne tiid troch Van Terwisga betocht. Dy siet sûnt 2008 by Vitens.
De foarsitter fan de Ried fan Kommissarissen is yntusken oansteld as tydlik ferfanger. Hy moat ûnder oaren neitinke oer in nije ynrjochting fan it bestjoer.