Opnij ûngelokken troch mist
Op meardere plakken yn Fryslân hawwe tiisdeitemoarn ûngelokken west troch de mist. Tsjin achten wie it ûnder oare raak by it knooppunt Hearrenfean, op de A7 by Boarnsweach en op de N381 by Appelskea. Ferkear moat dêr rekken hâlde mei opûnthâld. De plysje warskôget dat de mist yn de hiele provinsje soargje kin foar min sicht.