Aksje foar better busferfier

© Omrop Fryslân
In learlinge fan fiif gymnasium fan it Magister Alvines fan Snits fiert aksje foar better busferfier. Berber Aardema fan de Lemmer treft it geregeld dat de bus dy't se nei en fan skoalle nimt te let, te betiid of te smoarch is. No't der troch de nije oanbesteging mooglik yn de takomst ek noch minder iepenbier ferfier wêze sil, pikt se it net langer. Woansdeitemoarn stiet se mei in spandoek by De Jouwer, as dêr in bus mei Fryske politisy lâns komt ûnderweis nei Brussel.
Mei in spandoek wiist Berber de politisy derop dat sy noch de bus nimme kinne, mar dat dat yn de takomst mooglik net mear foar alle Friezen jildt. Berber wurdt by har aksje stipe troch in groep freonen.