11/2 nije deputearre PvdA

12 jan 2009 - 16:00

De nije deputearre fan de PvdA moat by de gearkomste fan Provinsjale Steaten op 11 febrewaris bekend wêze. Dat seit foarsitter Bert_Versteeg fan de partij yn´e Steaten.

De nije deputearre dy´t de opfolger wurdt fan Anita_Andriesen moat it boechbyld fan de partij wurde en by foarkar bestjoerlike ûnderfining ha op it mêd fan romtlike ûntwikkeling, wenjen en plattelânsbelied. De PvdA kiest foar in sollisitaasjeproseduere dêr´t elkenien op reagearje kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)