112-buordsjes op Skylge

13 mrt 2013 - 11:06
  • De plakbepalingsbuordsjes op pealtsjes

Wa't op Skylge hiel gau de plysje, medyske soarch of de brânwacht nedich hat en 112 bellet, kin aanst folle better fertelle wêr't dy help nedich is. Dat is alteast de bedoeling fan Steatsboskbehear. De natoerorganisaasje lit twâhûndert peallen delsette mei saneamde 112-buordsjes derop. Dêr stiet in nûmer op sadat de meldkeamer wit wêr't de beller is.

Yn it ferline is it foarkaam dat minsken net fertelle koene wêr't sy wienen op it stuit dat sy help nedich hienen. De pleatsing fan de peallen moat foar it Oerolfestival klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)