Allinne 112 belje by need

05 des 2013 - 06:26
  • Ek op It Amelân binne se drok dwaande mei it opromjen fan omwaaide beammen

De helptsjinsten roppe op om allinne by echte needsituaasjes 112 te beljen. By de stoarm yn oktober bellen in soad minsken mei it alarmnûmer om problemen te melden lykas wetteroerlêst en beammen dy't yn de tún waaiden. Dêrtroch rekke de sintrale meldkeamer yn Drachten oerbelêste.

As der gjin need is kin der belle wurde mei 0900-8844. It alarmnûmer 112 kin wol belle wurde by letsel, gaslekken of libbensgefaarlike situaasjes, wannear't in beam bylgelyks op in hûs of minsken driget te fallen. By stoarmskea kin de gemeente belle wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)