Niki Terpstra ek nei Profronde

Profronde © ANP
Hurdfytser Niki Terpstra docht tiisdei ek mei oan de Profronde fan Surhústerfean. Terpstra is Nederlânsk kampioen by de profs. Hy die ôfrûne sneon mei oan de weiwedstriid by de Olympyske Spelen yn Londen. Sebastiaan Langeveld docht ek mei yn Surhústerfean.
Der dogge no fjouwer dielnimmers mei yn Surhústerfean dy't de Olympyske wedstriid op de wei ek riden hawwe. Njonken Terpstra en Langeveld binne dat wrâldkampioen Mark Cavendish en de Slowaak Peter Sagan, de winner fan de griene trui yn de Tour de France.
Oare koureurs dy't yn Surhústerfean oan de start stean sille, binne regionaal favoryt Pieter Weening, Karsten Kroon, Johnny Hoogerland en Kenny van Hummel. De Profronde fan Surhústerfean begjint tiisdeitejûn om sân oere.