Frou yn rêch stutsen

30 jul 2012 - 10:07
  • Plysjemotor

De plysje docht ûndersyk nei de mishanneling fan in 40-jierrige ynwenster fan Seisbierrum. De frou rûn sneintemiddei oer de Frousleane, hearde in scooter oankommen en fielde in klap op har rêch doe't dy foarby ried. Se foel en doe't se mei har hân op'e rêch fielde, siet dy ûnder it bloed. Nei alle gedachten is se mei in skerp foarwurp yn de rêch stutsen.

Op de scooter sieten twa minsken. Dy ried fuort yn de rjochting fan de Liauckemaleane. De plysje is op syk nei tsjûgen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)