Blog: Wachtsje, wachtsje, wachtsje

30 jul 2012 - 01:20

Nei de goeie start fan de earste dagen hiene we hjoed in dei dat it wat minder maklik gie. Beachfollyballer Richard Schuil kaam tegearre mei syn maat Reinder Nummerdor foar it earst yn aksje op dit Olympyske toernoai. Foar Schuil is it al syn fiifde dielname oan de Spelen en dus tôgen we nei hertsje Londen om him nei de wedstriid op te fangen. De beachfollybalwedstriden wurde spile by de Horse Guards Parade, sintraal yn Londen. In stik drokker as de oare lokaasjes dêr't we oant no ta west ha en de befeiliging wie dan ek in stik stranger. Mei dizze stewards foel net te praten om ek mar yn de buert fan it stadion te kommen. Se wiisden ús op de yn- en útgong fan de spilers en dêr moasten we Richard Schuil mar opwachtsje. Punt.

Sa stiene we om 13.30 (in oare foardat de wedstriid fan Schuil begûn) klear by de Horse Guards. Moaie bylden, dat wol, hielendal as der in wikseling fan de wacht plakfûn. Om goed 15.30 krigen we tillefoan fan de redaksje dat Schuil en Nummerdor mei 2-1 wûn hiene. We ha sels neat fan de wedstriid meikrigen, dus dat wie in moai berjocht. Yntusken besochten we fia heit Schuil, dy't yn it stadion siet, yn kontakt te kommen mei Richard. Dat slagge earst net om't hy ek net eksakt wist hoe't it skema fan syn soan der útseach en hokker ferplichtings hy noch hie.

Stadichoan waard it letter en letter en it wachtsjen duorre langer en langer. In plysjeman kloppe ús op it skouder. Oft wy ús wol even legitimeare woene. 'Jimme stean hjir no al dik trije oeren mei de kamera rjochting in offisjeel regearingsgebou. Yn ferbân mei mooglik terrorisme wol ik graach in ID-bewiis en in parsekaart sjen.' Gelokkich hiene we in NSP-kaart (Nederlânske Sport Pers) by de hân en fansels ús paspoart ek. Allinnich Dirk waard registreard en dy stiet no dus de kommende jierren yn de boekjes fan de Londense plysje (sjoch foto). Ik tink dat de bêste man my op myn blauwe eagen wol fertrouwde, want ik hoegde fierder neat sjen te litten.

Yntusken noch altyd gjin Richard Schuil. Om 17.00 oere krige ik him fia de tillefoan fan syn heit te pakken. Ik lei him út wêr't we stiene en hy soe der oankomme. Mar in oere letter noch gjin spoar fan de follyballer en we krigen him tillefoanysk ek net mear te pakken. Spitich, want as je sa lang wachtsje foar neat, is dat frustrearend. Mar goed, dat is it risiko as je sûnder akkreditaasje op paad gean. Dan mar nei it turnjen...

Ek dêr siet it net mei. Kamen we juster noch sûnder al tefolle swierrichheden binnen yn de O2-Arena, no mochten we der net yn. De bêste oplossing: gewoan dwaan ofst dom bist. In stikje fierderop nochris besykje by in oare befeiliger en ja hear, we mochten gewoan trochrinne. It is mar krekt wa't je tsjinoer je hawwe. Nei noch twa oeren waard it wachtsjen beleanne. Hans Gootjes (de manager fan de KNGU) hie tasein dat Gerben Wiersma en Céline van Gerner nei ús ta komme soene nei de wedstriid en dat wie gjin probleem. In optein ferhaal, want Van Gerner pleatste har foar de mearkampfinale. In goed ein, fan in drege dei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)