Van Gerner nei mearkampfinale

30 jul 2012 - 00:40
  • Celine van Gerner

Céline van Gerner hat har sneintejûn pleatst foar de mearkampfinale op de Olympyske Spelen. De turnster fan Sportstêd Hearrenfean einige as 17e en in plak by de bêste 24 wie de eask. Benammen op de brêge wie Van Gerner poerbêst. Op dy dissipline is se ek de earste reserve by de tastelfinale as ien fan har konkurrinten net meidwaan kin.

Bûnskoach Gerben Wiersma wie nei ôfrin út de skroeven oer de prestaasje fan syn pupil. 'Je moatte it mar sjen litte tusken de bêste turnsters fan de wrâld. Ik bin echt grutsk op Céline.'

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)