Lêstich op feest Hynstedagen

29 jul 2012 - 17:07

In 20-jierrige Driezumer is sneon oppakt by it feest fan de Hynstedagen Driezum-Wâlterswâld. Hy wie dwers yn de feesttinte en misledige plysjes dy't dêr wiene. Nei it feest socht er de plysje wer op en wie wer ferfelend. In bekende naam him mei nei de útgong fan it feestterrein, mar dêr krigen se rûzje. De 20-jierrige woe werom it terrein op en doe hâlde de plysje him oan.

De man wie dronken. Hy is fêstset op it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)