Baly foar fergunnings

29 jul 2012 - 16:21

Ynwenners fan Súdwest-Fryslân mei fragen oer fergunnings kinne tenei by in spesjale baly terjochte op it stedhûs yn Snits. Dy is alle dagen iepen tusken njoggen en fjouwer oere, en freeds tusken njoggen en healwei ienen. It kin gean om fragen oer wêr krekt in fergunning foar nedich is of hoe't it liket mei in yntsjinne oanfraach.

De balys fan Warkum en Boalsert binne net alle dagen iepen. De gemeente advisearret minsken om mei dy balys te beljen. It stribjen is om de fragen fuortendaliks te beäntwurdzjen.

Trefwurden: 
fergunning gemeente baly
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)