Lintsje foar Damwâldster

29 jul 2012 - 16:09
  • Lintsje

De 56-jierrige Dirk Bijlstra fan Damwâld is keninklik ûnderskieden. Dat barde op de slotjûn fan de Hynstedagen yn Driezum en Wâlterswâld. Bijlstra set him al fan it begjin fan it evenemint yn 1992 yn foar de Hynstedagen. Hy helpt ûnder oare hindernissen ta te rieden, set de rûten foar de hynstemaraton mei út, is assistint skiedsrjochter en soarget foar iten en drinken. Fierders set er him ek yn foar in fuotbalferiening en de biljertklup.

Foar syn fertsjinsten waard Bijlstra beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje Nassau.

Boargemaster Aalberts fan Dantumadiel spjelde him de ûnderskieding op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)