De Jong en Woortman nei finale

© awfoto.nl
Gersbaanracer Jannick de Jong fan De Gordyk is sneon fjirde wurden by de heale finale fan it EK gersbaan yn it Dútske Werlte. De Jong pleatste him mei 4x in twadde plak oertsjûgjend foar de finale fan it EK. Jeffrey Woortman út Warten einige as sechsde. Hy is is dêrmei wis fan in finaleplak. Theo Pijper kaam net yn aksje yn Werlte.
Dirk Fabriek, âld-Jubbegeaster, pleatste him by de heale finale yn Artigues de Lussac al foar de einstriid. Snein 19 augustus sille de 20 bêste gersbaankoereurs yn Eenrum útmeitsje wa't Europeesk kampioen wurdt.
De A-finale yn Werlte gong sneontejûn net troch omdat it ljocht op de baan útfoel.