Belgen mei drugs oppakt

29 jul 2012 - 14:08

Twa Belgen binne sneontenacht yn Wolvegea oppakt troch de plysje fanwege drugs. By in kontrôle rûkte de plysje in sterke himplucht yn harren auto. Yn de kofferbak lei in tas mei himp. Dy is yn beslach naam.

De 23-jierrige bestjoerder en syn byrider binne meinaam nei it plysjeburo foar ferhear. Beide manlju komme út Antwerpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)