Spektakel op NFM-ljepperij

29 jul 2012 - 13:05
  • Klaske Nauta (argyfbyld)
  • Klaske Nauta

Bart Helmholt wûn sneon syn fjirde NFM-titel (20.46), foar Ysbrand Galama (19.62) en Nard Brandsma (19.04). Hollânske troef Jaco de Groot stelde teloar mei 18.70. De jongestitel gie nei Tom Hoekstra (17.35). Wilco van Amerongen út Benschop wie oermachtich by de junioaren mei 19.96, in nij pr. Hans Ulco de Boer wûn sulver mei ek in pr: 19.19.

It grutste spektakel kaam fan de Fryske froulju. Hilianne van der Wal ljepte yn de finale in pr en nij NFM-rekôr fan 16.02. Klaske Nauta fan Drylts pakte yn de slotsprong mei 16.23 de winst en it rekôr.

De Nederlânske Fierljep Manifestaasje hat takom jier yn It Heidenskip wat te fieren. De NFM belibbet yn 2013 de 25e edysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)