Blog: Feest yn it Holland Heineken House mei DJ Afrojack

29 jul 2012 - 11:48

Gjin Olympyske Spelen sûnder Holland Heineken House. Dêr moasten we fansels ek even hinne om de sfear te priuwen. Boppedat is it HHH in plak dêr't we wol in akkreditaasje foar krigen hawwe. As der huldigingen fan (Fryske) sporters binne, meie we dêr dan ek gewoan bylden fan meitsje. Sneontejûn stie ien fan de bêste DJ's fan dit momint op it poadium te draaien: Afrojack. Hy makke der in geweldich feest fan yn it enoarm grutte Alexandra Palace (sjoch foto).

Alexandra Palace is ûnder oare bekend fan it grutste darttoernoai fan de wrâld, it WK fan de PDC mei Phil Taylor, Raymond van Barneveld en oare grutte nammen út de dartswrâld. As leafhawwer fan dit spultsje (eltse gek syn gebrek?) is it dochs moai om dêr in kear te wêzen en we sille der fêst noch faker komme dizze wiken. Der wurkje ek twa Friezen yn it House, dus dêr kinne we ek noch in reportaazje oer meitsje.

Op foarhân waard der yn Londen sa no en dan in gaos ferwachte as in protte minsken harren fan it iene nei it oare plak ferpleatse wolle. Oant no ta falt dat geweldich ta. Mar set hûnderten Nederlânske en oare feestfierende minsken byelkoar dy't wachtsje moatte op in bus en je krije... gaos. Dat wie de sitewaasje bûten it HHH doe't Afrojack klear wie mei syn optreden. Allegear tagelyk de bus ynstappe wolle, dat wurket net. Yn it gedrang sneuvele de linskap fan Dirk syn kamera, mar gelokkich fûnen we it ûnderdiel werom ûnder de grutte dûbeldekker, foardat dy der oer hinne ride koe. Uteinlik kamen we dochs by it metrostasjon en koene we nei it appartemint. Myn advys: oare kear mar in pear ekstra pindelbussen ynsette. Wy wachtsje it ôf...

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)