Hearrenfean ferliest oefenduel

SC Hearrenfean © ANP XTRA
Sportklup Hearrenfean hat de oefenwedstryd tsjin FC Köln sneon mei 2-0 ferlern. Bij rêst stie it 1-0 foar de thúsploech. Beide goals kamen op namme fan Adil Chihi.
De wedstryd hie yn it Abe Lenstrastadion spile wurde sillen, mar om feiligensredenen waard dat ôflast. Boargemaster Van der Zwan fan Hearrenfean wie troch de Dútske plysje tipt dat der tûzenen Keulse fuotbalsupporters nei de wedstryd komme woene, wêrûnder ek in grut tal hooligans mei in stadionferbod.