Zonderland bliuwt earste

29 jul 2012 - 08:43

Turner Epke Zonderland hat him sneon by de kwalifikaasjes yn it Olympysk turntoernoai as bêste pleatst foar de finale op it rek. Zonderland moast as allerearste syn oefening dwaan. Hy helle in skoare fan 15.966. Dêr kaam de hiele dei net ien mear oerhinne.

Zonderland naam gjin risiko's yn syn kwalifikaasje-oefening. By de finale op tiisdei 7 augustus sil er in trijdûbel fluchtelement sjen litte, is it doel: de Cassina-Kovacs-Kolman. Zonderland is de earste turner dy't sa'n trije-dûbele kombinaasje turnet.

It ûnderdiel hat sa'n hege muoilikheidsgraad dat it ekstra punten fan de sjuery opsmyt.

Zonderland wist him net te kwalifisearjen foar de finale fan de brêge. Syn oefening wie dêr net goed genôch foar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)