Blog: Opluchting is toverwurd op earste wurkdei

© Omrop Fryslân
De earste 'echte' wurkdei sit der op. Fansels ha we juster ek op paad west, mar foar it gefoel is it hjoed allegear begûn. Op de earste dei kamen fuort trije Friezen yn aksje: Epke Zonderland, Lieuwe Westra en Sjoerd Hamburger. Wy keazen der foar om nei it turnjen yn de O2-Arena te gean om dêr de famylje Zonderland op te fangen foar en nei de wedstriid. Gelokkich wiene we op 'e tiid ôfsetten, want yn earste ynstânsje mochten we net nei binnen. Foar ús profesjonele apparatuer hiene we in akkreditaasje nedich, oars liet de befeiliging ús net troch. Tsja, dêr steane je dan...
Gelokkich koene we de militêren, plysje en stewards (ja, se rinne hjir yn alle soarten en maten rûn) oan it ferstân bringe dat we allinnich mar by de yngong hoegden te stean en fierder neat. Sa kamen we toch yn de Arena en dêr troffen we earst Omke Epke. Even letter kaam ek de rest fan de famylje oan en de spanning wie fan de gesichten ôf te lêzen. Mar allegear stapten se fol fertrouwen de Arena yn en terjochte. Epke kaam as earste turner yn aksje op it rek en sette in bêste skoare del. Ek al moasten der noch in protte turners komme, it wie genôch foar in finaleplak. Dat hie eltsenien fuort yn de gaten.
Foar ús wie it dêrnei ôfwachtsjen oft we Epke sels ek foar de kamera en mikrofoan krije soene. Fia manager Hans Gootjes fan de KNGU koe dat lykwols kreas regele wurde en sa fertelde in opluchte Epke Zonderland syn ferhaal. De spanning hie noch nea sa grut west, fertelde hy earlik. Hjoed moast it barre, en it slagge!
Mar in ynterview, is ien, dan moatte je dat ek noch yn Ljouwert by de Omrop krije. Foar de radio wie dat gjin probleem, mar mei de bylden wie it dreger. De ferbining yn de Arena wie te stadich, dat skeat net op. Fanút in lyts ynternet-kafee slagge it úteinlik wol en dus wie der ek by ús de opluchting. Nei in hapke iten, ha we it appartemint opsocht dêr't we de kommende oardel wike ferbliuwe sille. De earste nacht ha we trochbrocht yn in hotel, mar dit appartemint is fantastysk. In goeie ynternetferbining en in protte romte. Hjir hâlde Dirk Klaver en ik it wol út! Moarn stiet der sa't it no liket beachfollybal op ir programma mei Richard Schuil. En jûns komt turnster Céline van Gerner mei har koach Gerben Wiersma foar it earst yn aksje. Op nei in nije dei!
Jan Vincent van Zuiden (Twitter: @JVvanZuiden)