Bysûndere rêding fermiste man

28 jul 2012 - 19:24

Helikopterpersoniel fan de plysje hat sneon by Molkwar in 84-jierrige fermiste Koudumer rêden. De bemanning fan de hely seach de man yn it bûtengebiet midden yn in greide tsjin in heuveltsje oan sitten. Yn plak fan syn posysje troch te jaan, sette de piloat de hely oan 'e grûn. De man wie útdroege en ferbaand troch de sinne. De hely brocht him nei in ambulânse ta dy'thim dêrnei nei it sikehûs ried.

De deminte Koudumer wie freed fan hûs gien op 'e fyts, mar net weromkaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)