Cambuur-Telstar 1-1

28 jul 2012 - 16:30

Cambuur hat sneontemiddei yn 'e oefenwedstriid tsjin Telstar mei 1-1 lykspile. De Ljouwerters kamen nei krapoan twintich minuten spyljen op in 1-0 foarsprong troch in frije traap fan Melvin de Leeuw. Twintich minuten letter soarge Jergé Hoefdraad foar de lykmakker.

Cambuur hie yn de earste helte de bettere kânsen. Yn de twadde helte skeaten beide ploegen noch in kear op de peal, mar der waard net mear skoard.

Nick Soolsma spile it grutste part fan 'e wedstriid. It is noch net dúdlik oft de proefspiler in kontrakt kriget by Cambuur.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)