Treinreizgers net op de hichte

28 jul 2012 - 16:17

Net alle treinreizgers binne op de hichte fan de ekstra reistiid fan en nei Zwolle. Dat die sneon bliken op it stasjon fan Ljouwert. Fryske treinreizgers rjochting suden binne de kommende wike langer ûnderweis. Om't it stasjon yn Zwolle ferboud wurdt, ride der fan sneon ôf gjin treinen tusken Meppel en 't Harde. De NS hat bussen ynset om de passazjiers te ferfieren.

It stasjon yn Zwolle wreidet út. Dat hat de krijen mei de nije Hanzeline tusken Lelystêd en Zwolle. Dy moat yn desimber klear wêze.

Trefwurden: 
trein NS
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)