60 km te hurd by Goutum
De plysje hat freedtemiddei it rydbewiis fan in 33-jierrige Ljouwerter ynnaam. De man waard by in snelheidskontrôle tusken Goutum en Werpsterhoeke trapearre. Hy hie 131 kilometer op de teller fan syn auto te stean, wylst er mar 70 mocht.
Neist dat syn rydbewiis ynnaam waard, is der tsjin de man ek proses-ferbaal opmakke.