Bus 't Harde-Harns leech

28 jul 2012 - 11:09

Der is gjin animo foar de spesjale bussen dy't de NS ynset om minsken fan 't Harde streekrjocht nei de fearboat fan Harns te ferfieren. De earste bus fan sneontemoarn nei Harns wie leech. It treinstasjon fan Zwolle is dit hiele wykein ticht fanwege in ferbouwing. Dêrom set de NS ekstra bussen yn.

Neffens de bussjauffeur hat de NS net goed oanjûn dat der in bus ride soe nei de Waadeilannen. De ferwachting is dat de bus fan fiif oere sneontemiddei fan Harns nei 't Harde wol minsken meinimme sil. Snein ride der ek ekstra bussen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)