Amper begryp foar T-shirtregel

28 jul 2012 - 09:38

It is noch mar de fraach oft de besikers fan it Feanhoopfestival harren oan de regel hâlde dat der net toutsjesprongen wurde mei mei skuorde T-shirts. De organisaasje hat de regel ynsteld omdat dêrby geregeld minsken ferwûne reitsje. De befeiliging hat de opdracht krigen dertsjin op te treden. Der binne ek in pear ekstra befeiligers ynhierd. Besikers lykje der lykwols de needsaak net fan yn te sjen. Freedtejûn joegen in soad oan mei de tradysje trochgean te wollen.

It Feanhoopfestival duorret noch oant en mei moandei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)