Blog: It balkon fan CNN

© Omrop Fryslân
De iepening fan de Olympyske Spelen is op it stuit fan skriuwen noch fol oan de gong. Wy binne freedtemiddei goed oankaam yn Londen, sûnder grutte problemen. Ek kameraman Dirk Klaver kaam goed troch de kontrôle, wat yn jannewaris (doe't Epke Zonderland him foar de Spelen kwalifisearje moast) wol oars wie! Hy moast doe syn hiele koffer oer de kop helje, om't de befeiliging op de scan wat fertochts seach. In grutte pot giele gel yn kombinaasje mei alle (oplaad)kabels fan apparatuer waard oansjoen foar in bom... Dizze kear hat 'r mar in tube gel meinaam.
De earste bylden dy't we graach meitsje woene, moasten by it Olympysk stadion weikomme. Mar wat in tastân om dêr te kommen! Alle tagongswegen wiene ôfsletten, allinnich ast in kaart yn besit hiest mochtest trochrinne. Op goed gelok binne we in heech flatgebou binnenstapt om der dochs wat fan mei te krijen. We setten heech yn, it boppeste knopke fan de lift wie de achtste etaazje en wêr kamen we út? By CNN... Dy wiene dwaande mei in live-programma oer de iepening fan de Spelen. Se fûnen it wol aardich dat der samar twa wyldfrjemde jonges binnen stapten en we krigen sels de mooglikheid om fan harren balkon ôf bylden te meitsjen. Net te leauwen, mar it koe net moaier!
Al mei al in prachtich begjin fan it aventoer yn Londen. Moarn (sneon) begjint it foar de Fryske sporters echt. Dan komme Epke Zonderland, Lieuwe Westra en Sjoerd Hamburger foar it earst yn aksje. Wy besykje om yn de buert fan it turnjen te kommen. De kop is der ôf, Londen here we are!
Jan Vincent van Zuiden (Twitter: @JVvanZuiden)