Bettere farrûte Grou-Ljouwert

It wurdt foar minsken makliker om mei in sloep fan Grou nei it sintrum fan Ljouwert te kommen. Der komt in sloeperûte wêrtroch't minsken net mear om hoege te farren. Troch de rekonstruksje fan it Drachtsterplein kinne de sloepen tenei ûnder de Aldlânsdyk troch nei it sintrum farre. De rûte is foaral belangryk foar it toerisme.
Sloepefarders moatte noch wol efkes wachtsje want de rûte is pas begjin 2016 klear.