Dochs giele linen op PC

27 jul 2012 - 17:27

Op de PC wurdt no woansdei dochs keatst mei giele linen. Dat hat it KNKB besletten yn oerlis mei de Keninklike PC. De giele linen waarden tongersdei útprobearre by de keats-off foar de PC. Yn in earste reaksje liet de KNKB noch witte gjin mearwaarde te sjen yn de linen. Mar dêr komme se no op werom.

Neffens de keatsers soene de linen it sicht fan de opslagger rjochting perk better meitsje. Boppedat soe makliker te sjen wêze oft in bal yn of út is. De oranje proppen wurde mei de PC ek wer brûkt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)