Mark Diemers nei FC Utrecht

27 jul 2012 - 16:53

SC Cambuur en FC Utrecht binne it iens wurden oer de transfer fan Mark Diemers. De 18-jierrige Ljouwerter tekenet in kontrakt foar fjouwer seizoenen, wêrby Diemers it earste seizoen útliend wurdt oan SC Cambuur.

Diemers hat de folsleine jeugdoplieding fan Cambuur trochrûn. Ferline seizoen spile de talintfolle middenfjilder noch by de kombinearde A-jeugd fan Grins/Cambuur. Mei de kar foar FC Utrecht om dêrnei ferhierd te wurden oan Cambuur, folget Diemers itselde paad as Bob Schepers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)