Alde keapaktes digitalisearje

27 jul 2012 - 14:24

De Freonen fan de Argiven Fryslân sil Oud Harlingen helpe mei in grut argyfprojekt. De âldheidsferiening wol belangrike gegevens fan 14.000 ferkeapaktes fan wenten tusken 1597 en 1810 oernimme. De aktes stean op mikrofysjes dy't net goed lêsber binne. De Freonen fan de Argiven Fryslân hawwe oanbean om de fysjes te digitalisearjen. De foto's kinne dan op de kompjûter besjoen wurde.

Frijwilligers binne dizze begûn mei it digitalisearjen fan de Harnzer hypoteekboeken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)