Gjin Friezen by iepening OS

logo Olympyske Spelen Londen
Der sil freedtejûn gjin inkele Fryske sporter oanwêzich wêze by de iepeningsseremoanje fan de Olympyske Spelen. De njoggen Fryske dielnimmers litte de iepening oan harren foarby gean, omdat in grut part in pear dagen dêrnei al yn aksje komme sil.
Turner Epke Zonderland, hurdfytser Lieuwe Westra en roeier Sjoerd Hamburger komme sneon al yn aksje. Sylster Marit Bouwmeester, seit dat se der net hinne giet omdat it har fierste lang duorret en it har allinnich mar ôfliedt. "Ik ben er maar voor één ding", seit Bouwmeester.