Help by skulden wurdt stranger

27 jul 2012 - 11:05
  • Jild

De Fryske gemeentes wurde stranger by it talitten fan minsken ta de skuldhelpferliening. De gemeentes binne sûnt 1 july sels ferantwurdlik foar skuldhelp en kinne no ek bepale wa't se wol en net helpe wolle.

De gemeente Tytsjerksteradiel hat besletten om minsken yn de krisis-opfang net ta te litten ta de skuldhelp. Minsken dy't al in kear sûnder sukses gebrûk makke hawwe fan skuldhelp en hjir foar in twadde kear gebrûk fan meitsje wolle, wurde yn prinsipe ek net holpen.

Yn sa'n gefal moat earst wurke wurde oan it probleem dat der foar soarge hat dat de skuldhelp de earste kear mislearre, fertelt wethâlder sosjale saken Houkje Rypstra fan Tytsjerksteradiel. De feriening fan Nederlânske gemeentes VNG advisearret de gemeentes om strang te selektearjen by it talitten fan minsken ta de skuldhelp. Gemeenten soene oerwaagje kinne om minsken mei in ferslaving pas ta te litten as se net mear ferslaafd binne. Wethâlder Rypstra wol sa fier net gean. Ynwenners fan Tytsjerksteradiel dy't foar it earst in berop dogge op skuldhelpferliening krije yn prinsipe in kâns.

De gemeente Hearrenfean fynt dat der folle mear foarljochting jûn wurde moat oer it foarkommen fan skulden. De gemeente sil hjir sels mei oan de slach, ek yn it ûnderwiis. Wethâlder Buwalda jout oan dat yn prinsipe alle boargers by de gemeente oanklopje kinne foar skuldhelp, mar dat der grinzen binne oan wat de gemeente dwaan kin. Yn guon gefallen sil de gemeente net folle mear dwaan kinne as de skulden stabilisearje, sa seit Buwalda. De minsken binne yn it foarste plak sels ferantwurdlik foar har eigen finansjele situaasje, sa seit Buwalda.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)