Oanhâldings oerfal goudbus

Goudbus dy't oerfallen is
De plysje hat tongersdei twa manlju fan 24 en 27 jier út Ljouwert oanhâlden. Se soene wat te krijen hawwe mei de oerfal op in goudbus, mids juny yn de wyk Bilgaard yn Ljouwert. By de oerfal waard in meiwurker bûten de bus delsketten. In soad minsken seagen dat.
Nei tips fan tsjûgen binne yn de saak al fjouwer manlju oanhâlden. Ien fan harren sit noch fêst. De plysje slút mear oanhâldings net út. Yn de bus kin goud ynwiksele wurde foar jild.