Aswintha deade 'yn hite hei'

27 jul 2012 - 10:30

Der hat gjin sprake west fan opset by de moardsaak Aswintha Dijkstra yn Snits, juny ferline jier. De fertochte hat har net fermoardzje wollen. It wie ek net de bedoeling minsken yn gefaar te bringen doe't er in caravan yn Jislum yn 'e brân stuts. Dat ferklearre de fertochte E. B. freedtemoarn by de behanneling fan it heger berop.

B. waard earder feroardield ta achttjin jier finzenisstraf, mei tbs. Neffens syn advokaat Plasman is de selstraf fierste lang yn kombinaasje mei de tbs De behanneling fan de saak duorret de hiele dei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)