Gjin treinen nei Zwolle

Treinreizgers moatte oankom wykein rekken hâlde mei flink wat oerlêst troch wurk oan it stasjon by Zwolle. Sneon en snein ride de treinen út Fryslân net fierder as Meppel. Dêrwei wurde bussen ynset dy't de passazjiers nei Zwolle en 't Harde ta bringe. Spesjaal foar minsken dy't mei de boat fan de eilannen yn Harns oankomme, rydt der in bus fan de Harnzer haven streekrjocht nei 't Harde.
Oant 6 augustus ride der gjin of minder treinen om Zwolle hinne. Mear ynformaasje dêroer is te finen op www.ns.nl