300 seekadetten op 'e Lemmer

26 jul 2012 - 17:23

De float fan it Seekadetkorps Nederlân is delstrutsen yn de haven fan 'e Lemmer en foarmet in bûnt spektakel foar de taskôgers. De âld-marineskippen, wêrûnder de Abel Tasman, fungearje dizze dagen as thúshaven fan 11 skippen mei 300 seekadetten út binnen- en bûtenlân.

De jongeren tusken de 12 en 18 jier leare ûndere oaren mei tochten oer de Tsjûkemar alle kneepkes fan it seemanslibben. Sneon sette skippen en bemanning wer ôf nei de eigen thúshaven oant Kanada en Yndonezië ta.

Oant dy tiid binne de skippen op fersyk tagonklik foar it publyk.

Trefwurden: 
De Lemmer seekadetten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)